sc Heerenveen - FC Utrecht
22 september, 12:15 uur
Koop nu kaarten »
Er zijn nog kaarten beschikbaar!
×

Feanstore

Afrekenen

Ticketing

Afrekenen

Vak 22 rij 12 stoel 12

Gepubliceerd op 9 maart 2015 10:00

It is it stereotipe byld. In heit nimt syn soan foar it earst mei nei it fuotbaljen. Spannend. Al dy minsken en al dat lawaai. It âlde stadion by sikehûs de Tjongerschans. Ien besite oan in wedstriid is genôch om fan de soan in supporter te meitsjen. Hy rint it firus op dat nea wer by him weigean sil.
Neikompetysjewedstriden en derby's foar tribunes dêr't yn de rin fan de jierren al mar mear minsken harren plakje fûnen. It gie sa goed mei de klup dat der plannen foar in nij stadion kamen en realisearre waarden.
It grutte nije ûnderkommen mei syn hege tribunes dy't nei in oantal jierren noch heger makke wurde om oan de tanimmende fraach oan tagongsbewizen te foldwaan. Jierrenlang geane heit en soan tegearre nei harren klup. Se sjogge legindaryske, moaie en strieminne wedstriden. Giele en reade kaarten. Fluitkonserten. De minsken om harren hinne sitte der meastal ek al jierren en sa ûntstiet it klupgefoel dat in libben lang bestean bliuwt. Ek as de heit troch fysike mankeminten net mear by de tribune opklimme kin, bliuwt hy de klup folgjen. Syn pakesizzer nimt syn plak op de tribune yn en pake is noch likefolle supporter, mar folget syn klup no thús, fanôf de bank, harkjend nei de radio en fia side 818 fan teletekst. As it moai waar is sitte hy en de frou bûtendoar en kinne se it hearre as der in doelpunt falt. Altyd komme de soan en de pakesizzer foar de wedstriid efkes op besite en ha se in koarte foarbeskôging. Noch ien kear giet pake mei syn frou, op útnoeging fan Jan van Erve, nei de derby. Dy dei meie se op de haadtribune sitte. Dat wie syn lêste besite, mar hy bleau supporter yn ieren en sinen.

Dit giet sa troch, oant ôfrûne sneon. Doe ferlear SC Hearrenfean in supporter, de soan syn heit en de pakesizzer har pake. Hy hat net mear meimakke dat syn klup op keunstgers ek winne kin. Tongersdei sil hy syn lêste rêstplak krije, op ien kilometer fan it Abe Lenstra stadion. Rêst sêft, heit.

Vak 22 rij 12 stoel 12

Het is het stereotype beeld. Een vader neemt zijn zoon voor het eerst mee naar het voetballen. Spannend. Al die mensen en al dat lawaai. Het oude stadion bij ziekenhuis De Tjongerschans. Eén bezoek aan een wedstrijd is genoeg om van de zoon een supporter te maken. Hij krijgt het virus dat nooit weer over zal gaan.
Nacompetitiewedstrijden en derby's voor tribunes waar in de loop van de jaren steeds meer mensen hun plekje vonden. Het ging zo goed met de club dat er plannen voor een nieuw stadion kwamen en werden gerealiseerd. Het grote nieuwe onderkomen met zijn hoge tribunes, die na een paar jaar nog hoger worden gemaakt om aan de vraag voor toegangbewijzen te voldoen. Jarenlang gaan vader en zoon samen naar hun club. Ze zien legendarische, mooie en waardeloze wedstrijden. Gele en rode kaarten. Fluitconcerten. De mensen om hen heen zitten er meestal ook al jaren en zo ontstaat het clubgevoel dat een levenlang blijft bestaan. Ook als de vader door fysieke mankementen niet meer bij de tribune op kan klimmen, blijft hij zijn club volgen. Zijn kleindochter neemt zijn plek op de tribune in en opa is nog net zoveel supporter, maar volgt zijn club nu thuis, op de bank, luisterend naar de radio en kijkend naar bladzijde 818 van teletekst. Als het mooi weer is, zitten hij en zijn vrouw buiten en kunnen het horen als er een doelpunt valt. Altijd komen de zoon en kleindochter voor de wedstrijd even op bezoek en volgt een korte voorbeschouwing. Nog één keer gaat opa met zijn vrouw, op uitnodiging van Jan van Erve, naar de derby. Die dag mogen ze op de hoofdtribune zitten. Dat was zijn laatste bezoek, maar hij bleef supporter in hart en nieren.

Dit ging zo door, tot afgelopen zaterdag. Toen verloor sc Heerenveen een supporter, de zoon zijn vader en de kleindochter haar opa. Hij heeft niet meer meegemaakt dat zijn club ook op kunstgras weet te winnen. Donderdag zal hij zijn laatste rustplaats krijgen, op één kilometer van het Abe Lenstra stadion. Rust zacht, heit.